Papiermasine soarget foar brân by Talant yn Frjentsjer

11 des 2014 - 15:43

De brânwacht yn Frjentsjer moast tongersdeitemiddei yn aksje komme foar in brân by Talant oan de Ampèrestrjitte. De brân bruts út yn in papiermasine. It gebou waard ûntromme en alle meiwurkers moasten nei bûten, mar koene al rap wer nei binnen.

De brânwacht hie it fjoer fluch ûnder kontrôle. Allinnich de papiermasine rûn in soad skea op.

Trefwurden: 
Frjentsjer brân Talant
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)