ONS Boso Snits fersterket him mei Frits Dantuma

11 des 2014 - 15:26

Topklasser ONS Boso Snits fersterket him takom seizoen mei âld-Cambuurspiler Frits Dantuma. De middenfjilder komt oer fan HHC Hardenberg, dêr't er sûnt dit jier spilet. Dantuma soe earder ek al by ONS oan 'e slach, mar dat gong doe oer om't er in kontrakt tekenje koe yn de Jupiler League by FC Emmen.

Takom seizoen sil Dantuma lang om let dochs de oerstap meitsje nei ONS. De 22-jierige fuotballer is de earste oanwinst fan de Snitsers foar it nije seizoen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)