Himpkwekerij oan de Boksdoornstrjitte yn Ljouwert oprôle

Himpkwekerij © ANP
De plysje hat woansdei oan de Boksdoornstrjitte yn Ljouwert in himpkwekerij oprôle. Der stienen 322 planten. Ek waard der stroom ôftape foar de apparatuer yn de kwekerij. Neffens de plysje levere dat in brângefaarlike situaasje op.
De planten en de apparatuer binne ferneatige. De plysje hat gjin fertochten oanholden.