De Rouwe stelt wer keamerfragen oer mûzeskea Súdwesthoeke

11 des 2014 - 14:45
  • Mûs

CDA Twadde Keamerlid Sander de Rouwe út Boalsert stelt op 'e nij keamerfragen oer de mûzeskea by boeren yn de Súdwesthoeke. De Rouwe wol fan de steatssekretaris witte wêrom it ferlies fan dongstoffen wol kompensearre wurdt as der sprake is fan skea troch bygelyks in soad reinwetter, mar net troch skea fan mûzen.

Nei skatting hat de mûzepleach yn de Súdwesthoeke foar miljoenen euro's oan skea feroarsake, trochdat mûzen de grûn omwrotten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)