Wolvegeaster bêste ûndernimmer Weststellingwerf
Eric van der Zee van Martec Nederlân yn Wolvegea is útroppen ta ûndernimmer fan it jier yn Weststellingwerf. De priis is útrikt troch de Commerciële Club Weststellingwerf. De sjuery neamde it bedriuw Martec in pearel dy't oer de hiele wrâld operearret.
Martec Nederlân is spesjalisearre yn it foarkommen fan slitaazje by masines. Fjirtjin jier lyn is Van der Zee mei it bedriuw úteinset. Der wurkje yntusken tolve minsken.