Revalidaasjeprogramma foar kankerpasjinten yn MCL Ljouwert

11 des 2014 - 14:33

Kankerpasjinten kinne tenei yn sikehûs MCL yn Ljouwert telâne foar it revalidaasjeprogramma fan Revalidatie Friesland. Troch dizze foarm fan behanneling kin de kwaliteit fan libben fan de pasjinten ferbetterje.

Kankerpasjinten ha faak lange tiid lêst fan bywerkings. Se binne wurch en ha lichaamlike problemen. Yn de behanneling wurde pasjinten holpen om wer sa goed mooglik mei te dwaan yn it daagliks libben. It behannelprogramma duorret tolve wiken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)