Supermerk Sleat slút yn jannewaris de doarren

11 des 2014 - 12:03
  • De supermerk yn Sleat
  • De bakkerij yn Sleat stiet ek te keap

De supermerk fan Sleat slút per 1 jannewaris de doarren. Earder gongen ek it buerthûs, de bakkerij en de boartersguodwinkel al ticht. De eigeners fan de supermerk sizze it finansjeel net mear oprêde te kinnen. Simmerdeis wienen der noch wol genôch klanten, mar winterdeis net.

Twa jier ferlyn dienen de ûndernimmers al in oprop oan de ynwenners fan Sleat om de boadskippen safolle mooglik yn eigen stêd te keapjen, mar dat hat dus net holpen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)