Himpkweker Doede de Jong hoecht gjin DNA ôf te stean

11 des 2014 - 11:49
  • Weedteler Doede de Jong fan Appelskea

Biologysk himpkweker Doede de Jong út Appelskea hoecht syn DNA net ôf te stean oan de lanlike databank. Dat hat de rjochter bepaald. It DNA-materiaal dat opslein wurdt yn de databank, wurdt brûkt om misdieden op te lossen. Gewoanwei komt it DNA fan feroardielden automatysk yn de databank

De Jong makke beswier tsjin it ôfstean fan DNA. Neffens him hie dat gjin doel, om't hy iepen útkomt foar syn oertredings. De Jong striidt al jierren foar regulaasje fan himptylt en komt dêrmei geregeld yn de media.

Opfallend wie dat it Iepenbier Ministearje de himpteler foarige wike al stipe yn syn beswier. De rjochter is dêr no dus yn meigong.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)