Fryslân krijt in fytsalvestêdetocht yn de winter

11 des 2014 - 11:01

Fryslân krijt dizze winter in ekstra fytsalvestêdetocht. Begjin febrewaris set Friesland Beweegt yn gearwurking mei it Fytsersbûn in tocht fan goed 200 kilometer út lâns de Fryske alve stêden. De start en finish is yn Ljouwert.

Der is plak foar maksimaal 500 dielnimmers. Op dit stuit binne der al sa'n 130 oanmeldings. De winterfytstocht wurdt organisearre om't in wike letter in grut ynternasjonaal kongres yn Ljouwert hâlden wurdt oer winterfytsen. Hjir wurdt praat oer ynventive oplossings om fytsen yn de winter better mooglik te meitsjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)