Dochs lisinsje foar ploech Lieuwe Westra

10 des 2014 - 22:07

Astana, de ploech fan hurdfytser Lieuwe Westra fan De Tynje, mei takom jier dochs meidwaan oan de wrâld toer. Ferline wike siet it team noch net by de ploegen dy't in lisinsje krigen, omdat hurdfytsbûn UCI noch ûndersyk dwaan woe nei fiif dopinggefallen by riders fan Astana. Woansdei makke de UCI bekend net genôch reden te sjen om de ploech de lisinsje te ûnthâlden. Neist Lieuwe Westra ride ek Lars Boom en Tour-winner Vincenzo Nibali by Astana.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)