Noch net genôch jild foar ferbou âlde stedhûs Boalsert

Der is noch in tekoart fan in miljoen euro foar de ferbou fan it âlde stedhûs yn Boalsert. Dat sil omboud wurde ta ûnderkommen foar in tal musea en de bibleteek. Ek komt der hoareka yn en romte foar byienkomsten. De ferbou moat 4,3 miljoen euro kostje, trijekwart dêrfan wurdt bydroegen troch de provinsje en de gemeente Súdwest-Fryslân, de rest soe út fûnsen komme moatte. Doel is dat de ferbou yn 2017 klear is, it is dan 400 jier lyn dat it stedhûs boud waard.