Brân yn loads Easterein ûnder kôntrole

De brân yn in loads by in pleats oan de Sjaardeleane yn Easterein is ûnder kontrôle. Woansdeitemiddei bruts der brân út yn de loads. Dy brânde folslein út. De rest fan de pleats koe behâlden bliuwe. Ek koe foarkaam wurde dat it fjoer oersloech nei in neistlizzende pleats.
De brânwacht skaalde op ta grutte brân en rôp meardere korpsen nei Easterein. By de brân is nimmen ferwûne rekke en ek it fee koe sparre wurde. By de brân kaam in grutte reekplom frij, dy't yn de fiere omkriten te sjen wie. Omwenners moasten ruten en doarren tichthâlde.