Ferkearskursus foar dôven en minsken mei gehoarproblemen

10 des 2014 - 17:04

Minsken mei in beheining oan it gehoar binne kwetsber yn it ferkear. Harksintrum Hoor Friesland hat dêrom yn gearwurking mei de Stichting Bevordering Verkeerseducatie (SBV) en it Fytsersbûn in pilotkursus opset. Ut de evaluaasje fan de pilot docht bliken dat de dielnimmers harren selsfersekerder yn it ferkear fiele.

Yn Fryslân binne sa'n 300 dôve minsken en 60.000 mei in gehoarbeheining. Yn it ferkear is dizze groep ekstra kwetsber en hat dan ek mear kâns op ferkearsûngelokken. Hoor Friesland oerleit noch mei de provinsje oer in ferfolch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)