Man skept troch auto yn Marsum
Op de Bitgumerdyk yn Marsum is oan it begjin fan de middei in man oanriden. It giet om in 58-jierrige ynwenner fan De Westereen, dy't by de dyk oan it wurk wie. Hy stie neist syn trekker, doe't er skept waard troch in auto. Hoe't dat gebeure koe is noch net bekend. De man is mei de helikopter nei it universitêr sikehûs yn Grins brocht.