Dongeradiel bemuoit him net mei skeel fan direkteur

10 des 2014 - 13:48

De gemeente Dongeradiel wol him net bemuoie mei it fuortgean fan direkteur Germ de Vries fan de iepenbiere Burgerskoalle yn Dokkum. Wol kin de gemeente it protest fan de âlden tsjin it fuortgean fan De Vries trochjaan oan de koepelorganisaasje Roobol. Dat sei wethâlder Pytsje de Graaf fan Dongeradiel. Sy naam woansdei in petysje fan de âlden en learlingen yn ûntfangst.

In fertsjintwurdiger fan Roobol wie ek útnoege yn Dokkum, mar hie ôfsein. Direkteur De Vries moat op 1 jannewaris fuort fanwege in ferskil fan ynsjoch oer it ûnderwiis.

De petysje is troch goed 700 âlden en oare belanghawwenden ûndertekene. Bern en âlden rûnen woansdeitemiddei nei skoaltiid nei it stêdhûs yn Dokkum om de petysje ta te ljochtsjen en oan te bieden oan de wethâlder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)