'Bedrijf, Boer & Burger' nije partij ferkiezings Wetterskip

De nije partij Bedrijf, Boer & Burger hat him woansdei yn it besikerssintrum fan it Ir. D.F. Woudagemaal op De Lemmer presintearre. De partij wol meidwaan oan de Wetterskipsferkiezings en komt fuort út wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW, lânbou-organisaasje LTO en it MKB.
De partij wol tichteby boargers, boeren en it bedriuwslibben stean. Sy fynt dat de ferkiezings no tefolle behearske wurde troch de polityk en dat der mear sjoen wurde moat nei de praktyske ynfolling fan in sit yn it Wetterskip.