Kolleezje Ljouwert wol elke snein in keapsnein

10 des 2014 - 12:37
  • Winkelje

In mearderheid fan it kolleezje fan b. en w. fan Ljouwert fynt dat elke snein in keapsnein wêze moat. Alle winkels yn de gemeente soene sels bepale meie oft se iepen wolle. Wethâlders Thea Koster en Harry van der Molen fan it CDA binne tsjin it plan, mar it foarstel sil dochs nei de ried stjoerd wurde. Dy mei der in beslút oer nimme.

Undernimmers sels binne ferdield. De grutte winkels binne bliid mei it plan, mar lytse ûndernimmers sjogge benammen problemen. Se ha gjin personiel genôch om sân dagen yn 'e wike de winkel iepen te hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)