Ferkear nei Ljouwert hâldt noch efkes lêst fan hinder

10 des 2014 - 11:44
  • File

It ferkear om Ljouwert hinne moat de kommende dagen noch even folhâlde. De lêste wurksumheden by de Werpsterhoeke sille noch aardich wat oerlêst jaan, al wurdt der wol safolle mooglik bûten de spits om wurke. Guon rûtes wurde oerdei ôfsletten mei in koarte omlieding troch de stêd.

It wurk oan de tydlike ferbiningswei tusken Ljouwert en Drachten sil nei alle gedachten foar de measte ferkearshinder soargje. Hjir wurdt neat ôfsletten, mar is de foarrangssituaasje feroare. Tongersdei 18 desimber moat alles klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)