Mear minima krije soarchstipe fan gemeente Smellingerlân

10 des 2014 - 10:55
  • Gemeentehûs Smellingerlân

Gemeente Smellingerlân lûkt goed 4 ton út om minsken mei in minimum of leech ynkommen ekstra te stypjen. Dizze húshâldens krije fia de gemeente al koarting op in soarchfersekering by De Friesland. De groep dy't yn oanmerking komt foar dizze stipe wurdt no fierder útwreide.

De grins foar minsken dy't fan dizze regeling gebrûk meitsje meie, giet omheech fan 110 prosint fan it minimum ynkommen nei 115 prosint. De minsken dy't dizze finansjele stipe krije, betelje dan 108 euro yn de moanne foar in soarchfersekering.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)