"Schippers moat oertsjûge wurde fan plannen De Sionsberg"

10 des 2014 - 10:37
  • Aksjefierders fan De Sionsberg gean nei Den Haach

Minister Edith Schippers moat oertsjûge wurde fan de plannen foar in trochstart fan sikehûs De Sionsberg. Dat is it doel fan de aksjegroep dy't woansdei nei Den Haach reizget om oanwêzich te wêzen by it debat oer it Dokkumer sikehûs yn de Twadde Keamer. De delegaasje bestiet út 104 minsken, mei ûnder oare boargemasters, wethâlders en ferpleechkundich personiel.

De aksjegroep sil de Twadde Keamer in petysje oanbiede. Ek ropt de groep soarchfersekerder De Friesland op om de plannen foar in lytser streeksikehûs te stypjen.

Yntusken is der al politike stipe foar it trochstartplan, meldt Klaas Martens fan aksjegroep Red de Sionsberg. Sa wurdt it plan droegen troch it CDA en de ChristenUnie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)