Fytster (77) ferstoarn nei ûngelok

Plysje © ANP
De 77-jierrige frou út Ljouwert dy't moandeitemoarn op de Valeriusstrjitte yn har wenplak oanriden waard, is yn it sikehûs yn Grins ferstoarn. Dat makke de plysje woansdei bekend. It slachtoffer rekke by it ûngelok slim ferwûne.
De frou fytste oer de Valeriusstrjitte en waard by in oerstekplak skept troch in 33-jierrige automobilist út Heiloo. De plysje docht noch fierder ûndersyk nei de krekte tadracht fan it ûngelok.