Húsbisten kinne fjoerwurkfrij oernachtsje yn Hegebeintum

10 des 2014 - 07:06

Minsken mei húsbisten dy't bang binne foar fjoerwurk, kinne yn de âldjiersnacht teplak yn Hegebeintum. De Harsta Hoeve leit in ein bûtenút en dus hawwe se dêr gjin lêst fan de knallerij fan fjoerwurk. Minsken wurdt in fjoerwurk-frij ûnderkommen oanbean foar de âldjiersnacht.

Men kin oernachtsje en de oare deis eventueel ek noch in moarnsbrochje meitsje yn de mienskiplike keuken. Neffens de eigeners fan Harsta Hoeve binne der noch in pear plakjes frij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)