Boubedriuw Friso mei skouboarch De Lawei ôfbouwe

Boubedriuw Friso út Snits mei skouboarch De Lawei yn Drachten ôfbouwe. Neffens de boukommisje fan De Lawei foldocht it Snitser bedriuw as bêste oan de kritearia fan de oanbesteging. Boubedriuw Dijkstra Draisma wie de oare kandidaat. Neffens De Lawei past de oanbesteging binnen de boukosten.
Desimber wurdt brûkt om it bouplak yn te rjochtsjen, sadat Friso op 5 jannewaris oan de slach kin. It giet om de middenseal, lesromtes, de lytse seal en de Rutger Hauerseal. Dijkstra Draisma kin noch sân dagen beswier oantekenje tsjin de oanbesteging.
It eardere boubedriuw Van Norel foldie neffens De Lawei net oan de easken, wêrnei't it kontrakt opsein waard. It wurk kaam dêrnei moannen lang stil te lizzen. De grutte seal waard ôfrûne freed feestlik yn gebrûk naam mei de show van Brigitte Kaandorp.