Reade tried: ferkwânseljende bestjoerders te min bestraft

10 des 2014 - 05:59

Bestjoerders yn de soarch, fan wenningkorporaasjes, grutte bedriuwen, banken en gean sa mar fierder... Geregeld wurde der flaters makke. Dat kin, want it is minskewurk. It komt lykwols hast nea foar dat grutte flaters, miskalkulaasjes of mislearrings gefolgen hawwe foar de bestjoerders. It personiel fljocht derút en sy geane earne oars wer oan de slach. Foarbyld? Sikehûs De Sionsberg einige mei in skuld fan 40 miljoen euro. Wa luts oan de belle by fiif miljoen euro? Of by tsien of tweintich? Moat of mei in bestjoerder dêr as einferantwurdlike op ôfrekkene wurde en, sa ja, hoe dan?

Jo kinne hjirûnder reageare of fia de mail: readetried@omropfryslan.nl. Jo kinne ek meiprate fia Facebook of belje mei 058 - 70 09 777. Dan kinne jo in reaksje ynsprekke op it antwurdapparaat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)