'Stinky Sjinkie' op list foar anty-sportheld fan it jier

De winst fan An en de middelfingers fan Sjinkie Knegt © ANP
Shorttracker Sjinkie Knegt fan Bantegea is ien fan de nominearre sporters foar de titel anty-sportheld fan it jier. De Ingelske krante The Guardian komt dit jier mei in list mei sporters dy't har misdroegen ha yn de sportwrâld.
'Stinky Sjinkie', sa't de krante him neamt, stiet yn de list om't er op it EK shorttrack dit jier syn beide middelfingers opstuts nei't er ferlear fan de Rus Viktor An. Knegt waard fanwege dizze askje diskwalifisearre en Nederlân ferlear dêrtroch syn medalje.
Yn de list mei nominearre anty-helden steane ûnder oare ek skyster Vanessa Mae, dy't knoeide mei har tiden om har te pleatsen foar de Olympyske Spelen en fuotballer Kevin Grosskreutz, dy't in broadsje döner kebab smiet nei fans fan in oare klup.