Dútske gefjochtsfleantugen smite bommen op De Vliehors

Flylân © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
Dútske gefjochtsfleantugen sille 15 desimber bommen smite op it militêr oefenterrein De Vliehors op Flylân. It giet om in oefening yn NAVO-ferbân. Der wurde yn de neimiddei acht bommen fan 500 pûn smiten op it meast westlike part fan de oefenlokaasje.
Under de trainingsflechten wurde mjitposten ynrjochte om it lûd te mjitten.