Fryske Mediq Apoteken oernaam

© Omrop Fryslân, Oetze Deelstra
Medysk distributeur Brocacef nimt Mediq Apoteken Nederlân oer. Dat is tiisdei bekend makke. Brocacef hat no 116 eigen apoteken, Mediq 219. Fryslân telt 13 Mediq-apoteken, ûnder oare yn Boalsert, Drachten, Grou en op It Hearrenfean. De namme Mediq sil op termyn ferdwine en wurdt BENU.
Brocacef en Mediq tinke dat konsuminten troch de oername profitearje kinne fan goeie, berikbere en betelbere soarch.Troch de oername ûntstiet in bedriuw op de Nederlânske farmasymerk mei 5300 meiwurkers en in omset fan goed 2 miljard euro.