NDC Mediagroep skrast op 'e nij 100 fulltime banen

09 des 2014 - 09:35
  • NDC mediagroep

By de NDC Mediagroep ferdwine de kommende tiid wer 100 fulltime banen, wêrfan 48 op de redaksjes fan de Ljouwerter Krante, it Frysk Deiblêd, it Dagblad van het Noorden en de streekblêden. Dat makke direkteur Dina Boonstra fan de NDC tiisdei bekend yn de krante. It NDC-personiel wurdt yn Drachten op de hichte brocht fan de details fan de nije reorganisaasje.

Yn 2013 waarden ek al 250 banen skrast. Dat is nedich om it konsern oerrein te hâlden. De resultaten falle tsjin en it bedriuw moat yn 2016 in skuld fan 15 miljoen oan de ING ôflosse.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)