Gjin tulpen mear op bolwurken yn Dokkum

08 des 2014 - 16:33

De tsientûzenen tulpen dy't de lêste jierren de Dokkumer bolwurken kleuren, ferdwine. Dit hat te meitsjen mei skea troch de plantmasine en de seadde dy't eins net geskikt is om bollen yn te plantsjen. De stichting 'Dokkum Tulpenstad' lit him hjirtroch lykwols net út it fjild slaan. Foar de tulpen wurdt plak socht by de monuminten yn de stêd en de doarpen yn de gemeente Dongerdiel.

Yn gearwuking mei AOC Nordwin College sil sjoen wurde nei alternative blommen en planten foar de bolwurken sadat ek dy wer yn kleur komme kinne.

Neffens foarsitter Pieter Braaksma fan de stichting 'Dokkum Tulpenstad' kin it in pear jier duorje, mar sil it der úteinlik allinnich mar moaier op wurde.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)