Schokker definityf werom nei Harkemase Boys
Oebele Schokker giet definityf werom nei Harkemase Boys. Schokker hat op 'e Harkema in kontrakt foar 2,5 jier tekene. De 30-jierrige stie ûnder kontrakt by SC Cambuur, mar liet syn kontrakt by de Ljouwerters ferline wike ûntbine.
De oanfaller wie tusken 2007 en 2012 ek al aktyf foar de Harkiten. Hy sil spylje mei rêchnûmer 10.