Reade tried: Wat soene jo dwaan as jo sûnder gas sitte?

Wat soene jo dwaan as je in sûnder gas sitte? © ANP
Apeldoorn is op 'e nij troffen troch in gassteuring. 545 húshâldens en bedriuwen sitte sûnder gas en it kin trije oant fiif dagen duorje foardat yn dy situaasje feroaring komt. Om de pinksterdagen wiene der al problemen mei it gas yn Apeldoorn. It is sa'n momint wêrop't jo der miskien by stilsteane dat guon saken dy't fanselssprekkend lykje dat net altyd binne. En dan? Gjin waarm wetter yn de boiler, dus gjin bad of dûs. It gasstel net brûke kinne om iten te sieden. Gjin cv. Wat soene jo yn sa'n situaasje dwaan? Earder op bêd (en mooglik in lyts bertegolfke feroarsaakje njoggen moanne letter), elektryske kachels oanslepe, út iten gean?
Wat soene jo dwaan as jo in skoft sûnder gas sitte?
Jo kinne hjirûnder reageare of fia de mail: readetried@omropfryslan.nl. Jo kinne ek meiprate fia Facebook of belje mei 058 - 70 09 777. Dan kinne jo in reaksje ynsprekke op it antwurdapparaat.