Fúzje 'De Twine' en CBO Dongeradiel moat 1 april rûn wêze

08 des 2014 - 15:46

De fúzje tusken de skoalle foar spesjaal basisûnderwiis 'De Twine' en de Stichting Christelijk Basis Onderwijs (CBO) Dongeradiel moat op 1 april takom jier rûn wêze. Dat hawwe de beide bestjoeren besletten. De fúzje hat in drege skiednis. Begjin ferline jier wegere it ministearje fan ûnderwiis om tastemming te jaan. De nije skoalle soe in te grut merkoandiel krije.

De rjochter ferneatige dat beslút lykwols begjin dizze maaitiid. Steatssiktaris Sander Dekker hat dêrom dizze simmer syn beswieren falle litten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)