Minister Schultz van Haegen jout startskot Heakdagen

Minister Schultz van Haegen fan Ynfrastruktuer en Miljeu hat moandeitemiddei yn Ljouwert it startskot jûn foar de Heakdagen. De heak om Ljouwert giet op tongersdei 18 desimber iepen en oant dy tiid binne der ferskate aktiviteiten om minsken oan de nije situaasje wenne te litten.
Tsien dagen lang stiet der fan alles op it programma om minsken yn de kunde komme te litten mei de nije dyk. Sa is der in muzikaal optreden, in toanielfoarstelling oer Mata Hari en in spesjale jûnskuier oer de dyk.