Jonges oanholden dy't besochten falsk jild te wikseljen

08 des 2014 - 10:45
  • 50 eurobiljet

De plysje hat sneintemiddei trije jonges út Snits oanholden nei't se besocht hiene falsk jild te wikseljen. It giet om in jonge fan 14 jier en twa fan 16. Ien fan har besocht by in snackbar oan it IJlsterplein yn Snits in biljet fan 50 euro te wikseljen. De eigener hie yn de gaten dat it om falsk jild gie en warskôge de plysje. Dy hat de jonges oppakt.

It falske biljet is net oantroffen. De plysje docht fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)