Plysjes yn Noard-Nederlân krije nije unifoarm útrikt

08 des 2014 - 09:56

Yn Drachten is moandei úteinset mei it útdielen fan de nije unifoarmen foar de plysje. Yn twa wiken tiid krije in pear tûzen plysjes it unifoarm útrikt. Dat binne der elke dei in pear hûndert. Foar de plysje yn Noard-Nederlân is dit in gigantyske operaasje. Fan it momint dat in plysjeman- of frou it unifoarm hat, moat it ek droegen wurde. De âlde unifoarms moatte fuortdaliks ynlevere wurde.

It nije pak bestiet út in donkerblauwe polo, mei in broek en in cap. Opfallend binne de felgiele flakken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)