Ynsammeljen iten foar Voedselbanken úteinset

08 des 2014 - 08:42
  • Samen voor de Voedselbank 2014
  • Samen voor de Voedselbank
  • Samen voor de Voedselbank 2014
  • Samen voor de Voedselbank 2014

Moandei 8 desimber is Omrop Fryslân offisjeel úteinsetten mei it ynsammeljen fan iten foar de Voedselbanken yn Fryslân. Dit is yn it ramt fan de aksje Samen voor de Voedselbank. Tolve regionale omroppen yn it hiele lân wurkje hjir oan mei. Doel is om mei help fan alle harkers, sjoggers en besikers safolle mooglik itensguod yn te sammeljen foar de itensbanken.

Yn Fryslân wurde hieltyd mear minsken ôfhinklik fan de itensbank. De Voedselbanken hawwe benammen ferlet fan hâldbere produkten.

Op de webside fan Omrop Fryslân is in boadskiplistje te finen mei sântjin produkten dêr't ferlet fan is. De produkten kinne ynlevere wurde by de dielnimmende supermerken en by de studio fan Omrop Fryslân. Op freed 19 desimber wurdt de aksje ôfsletten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)