Twadde oerwinning FVC nei de 3-2 tsjin Achilles

07 des 2014 - 16:26

FVC pakte sneintemiddei de twadde oerwinning fan it seizoen yn de sneins haadklasse. Mei in protte striid waard op in winich sportpark Wiarda it Asser Achilles 1894 mei 3-2 ferslein. Ruurd Algra makke foar FVC de iepeningstreffer. Nei de 1-1 by it skoft, kaam FVC op efterstân. Yn de lêste tsien minuten soargen Robin Hollander en René Hoen foar de ferstjinne winst.

Trefwurden: 
fuotbal FVC
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)