FC Grins-SC Hearrenfean yn it lykwicht

Sportklup Hearrenfean hat yn de Slach fan it Noarden tsjin FC Grins in fertsjinstlik lyk spul helle. Yn de Euroborg wiene de Feansters yn de earste helte baas op it fjild. Dochs kaam Grins al betiid op foarsprong troch Michael de Leeuw. Mark Uth soarge yn de 25e minút mei syn njoggende treffer fan it seizoen foar de 1-1. Yn de twadde helte wiene de beide ploegen mear oaninoar weage. In pear kear wie SC Hearrenfean tichtby in foarsprong. Sa kopte Uth op de peal en krige Hearrenfean fan skiedsrjochter Nijhuis net in penalty.