Drave oer nije Heak om Ljouwert

07 des 2014 - 14:34

In bysûndere hurdrinwedstryd wie sneintemoarn út Deinum wei lâns in part fan 'e nije Heak om Ljouwert. De rûte gie lâns in brêge en diken dy't ferdwine. Kommende tiisdei stiet dizze wedstryd ek op it programma, mar om't dy al gau folboekt wie, is snein in ekstra edysje hâlden.

De Heak giet 18 desimber iepen. Fan moandei ôf binne tsien dagen lang eveneminten op en om de Heak. Minister Schultz van Haegen fan Ynfrastruktuer en Miljeu komt moandei nei Ljouwert om it startskot te jaan foar dy Heakdagen.

De dielnimmers wienen frege om wat mei te nimmen foar de Voedselbankaksje. Doel is om dat ynsammele guod moandei by de Omrop te bringen, dan begjint de Voedselbankaksje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)