Lars van der Haar start yn Surhústerfean

07 des 2014 - 14:30
  • Lars van der Haar

Nederlânsk kampioen fjildriden Lars van der Haar komt op freed 2 jannewaris oan de start fan de tweintichste edysje fan de Sintrumkross fan Surhústerfean. De winner fan de wrâldbeker fan it ôfrûne seizoen en twafâldich wrâldkampioen by de beloften wie foarich jier de winner yn Surhústerfean. De organisaasje is drok dwaande mei it oanlûken fan mear toppers, sawol by de manlju as de froulju.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)