Erwin Zeinstra wer nei Champions League wedstriid

Erwin Zeinstra © Omrop Fryslân
Erwin Zeinstra fan Dronryp stiet tiisdeitejûn wer op it fuotbalfjild. Dizze kear is dat it fjild fan Liverpool by de wedstriid yn de Champions League tsjin Basel. Skiedsrjochter Björn Kuipers liedt dat duel mei Zeinstra en Sander van Roekel as assistinten.
De klups stride om de twadde einklassearring yn de pûle fan groepswinner Real Madrid.