Bruorren yn Ljouwert ha spul

07 des 2014 - 12:16

Yn Ljouwert hat de plysje sneontenacht in man fan 25 út de stêd oanhâlden. De man melde him by de plysje en fertelde dat er rûzje hân hie mei syn broer. Doe't de plysje nei dy 34-jierrige broer ta gie, die bliken dat de man net by kennis wie. Hy is oerbrocht nei it sikehûs. De 25-jierrige man is ynsletten, neier ûndersyk moat dúdlik meitsje wat der bard is.

Trefwurden: 
Ljouwert plysje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)