"2014 is waarmste jier oait"

It jier 2014 liket de boeken yn te gean as it waarmste jier oait. Neffens Weeronline komt de gemiddelde temperatuer dit jier op 12,2 graden, in folle graad heger as it rekôr fan 2006. De kâns dat dat waarmterekôr dit jier net mear helle wurdt is lyts, ferwachtet Weeronline. Der is gjin kjeld kommendeweis.
Waarman Piet Paulusma ûnderskriuwt it ferhaal. It opwaarmjende klimaat is de belangrykste oarsaak fan it waarmterekôr. Ek soargen druksystemen foar in soad súdwestewyn, dy't mylde lucht en bewolking meinimt. Neffens him is it útsûnderlik.