Bouke Oldenhof skriuwt stik foar Iepenloftspul Opsterlân

It iepenloftspul Opsterlân bringt takom jier it nije stik 'Noblesse Oblige'. It wurdt spile yn de tún fan Lyndenstein yn Beetstersweach. Oanlieding is it hûndertjierrich bestean fan Revalidatie Friesland. Regisseur Jan Smit út Beetstersweach wurket by de revalidaasje en kaam mei it idee. Bouke Oldenhof ferdjippe him yn it tema en skreau de tekst. De premjêre is op 26 maaie. Yn it stik rinne it ferline en it no trochinoar hinne.
Audysjes foar it stik binne kommende freed 12 desimber foar de jeugd en sneon 13 desimber foar folwoeksenen.