Ljouwerter duo is dwers yn Snitser sintrum

Plysje © ANP XTRA
De plysje hat sneontenacht yn Snits twa Ljouwerters oanhâlden. De twa, manlju fan 25, wienen al in skoftke ferfelend lestich yn it sintrum fan de stêd. Doe't twa surveillearjende fytsplysjes it duo dêr op oanspruts, waarden se agressyf en misledigjend. Ien is dêrfoar ynsletten, de oar is bekeurd foar it fersteuren fan de iepenbiere oarder en iepenbiere dronkenskip.