Koprinner UNIS Flyers wint fan Eindhoven

07 des 2014 - 01:06

De iishockeyers fan de UNIS Flyers ha ek de sânde wedstriid yn de kompetysje om it kampioenskip fan Nederlân wûn. Op it iis fan Thialf waard Eindhoven mei 6-1 ferslein. De perioadestannen: 2-1, 3-0 en 1-0. Joey Oosterveld waard mei syn twa treffers man fan de wedstriid. De oare Feanster goals waarden makke troch Marcel Kars, Travis Bobbee, Aldo van Aalderen en Kevin Nijland.

Trefwurden: 
iishockey UNIS Flyers
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)