Drachtster Boys pakt knap 1-1 lykspul by VVOG

Drachtster Boys pakte sneon in knap 1-1 lykspul by nûmer trije VVOG. Yn Harderwijk moast it publyk lang wachtsje op de iepeningstreffer. Yn de 70e minút wie it raak foar VVOG en kaam de ploech fan trainer Fred de Boer op efterstân.
Mei noch 9 minuten te gean soarge Wouter Roosjen foar grutte bliidskip by de Drachtsters mei de lykmakker. Troch syn kopbal pakte Drachtster Boys in wichtich punt yn Hurderwyk.