Goud foar froulju op ploege-achterfolging yn Berlyn

06 des 2014 - 16:29
  • Ireen Wüst
  • Marrit Leenstra

De Nederlânske reedrydsters hawwe sneon mei oermacht de ploege-achterfolging op har namme skreaun by de wrâldbekerwedstriden yn Berlyn. Ireen Wüst, Marrit Leenstra en Marije Joling setten in winnende tiid fan 2.59.72 op 'e klok. Dêrmei bleaunen se de nûmer twa Poalen mei goed fjouwer sekonden foar. It brûns wie foar de froulju út Japan.

Trije wike lyn wienen de Nederlânske froulju by de wrâldbekerwedstriden yn Obihiro ek al de rapste. It is meiïnoar al de tsiende wrâldbekerwinst op rige foar de achterfolgingsploech.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)