Harkemase Boys wint mei 4-2 fan koprinner DVS '33

06 des 2014 - 16:27

Harkemase Boys soarge sneon foar in stunt troch mei 4-2 te winnen fan koprinner DVS '33. Op sportpark De Bosk tekene Bacuna nei in kertier foar de iepeningstreffer. De lykmakker fan de gasten út Ermelo waard ôfkard fanwege bûtenspul. Martijn Dijk makke mei in prachtige folly foar it skoft de 2-0.

Nei rêst soarge in eigen doelpunt fan DVS '33 foar de 3-0 en in soad opskuor, om't de grinsrjochter flagge foar bûtenspul. Nei de 3-1 fan DVS '33 smiet Constansia de wedstriid yn it slot. It slotakkoart wie foar DVS '33, dat in penalty fersulvere.

Harkemase Boys einige de wedstriid mei 10 man, nei't Jordy van Wijk yn de slotfaze twa kear giel krige en dus mei read nei de kant moast.

Troch de oerwinning stiet de ploech fan trainer Jan Vlap no mei 25 punten mei DVS '33 boppe-oan yn de sneonshaadklasse C. Beide ploegen sammelen 25 punten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)