Fytser ferwûne by ûngelok yn Froubuorren

Ungelok Froubuorren © Anton Kappers
In fytser is sneontemiddei yn Froubuorren ferwûne rekke by in botsing mei in skooter. De twa botsten op de Vrouwbuurtstermolen troch noch ûnbekende oarsaak tsjin mekoar. De fytser foel dêrby hurd op de dyk en is mei in ambulânse nei it sikehûs brocht. De traumahelikopter waard wol oproppen, mar hoegde úteinlik net te kommen.